Plakken

 

1. Woane in gedichten.   Liwwadden

‘Alleen in myn gedichten ken ik woane,’

Dat skreef Jan Jacob Slauerhoff.

‘Tot kiekes: Waach, Princessehof;

Ik gaan naar ferre regioanen.

 

Niet langer spek met brune boanen,

Gien koekjes bij de lauwe tee.’

Hij foer naar de Sinese See – 

Naar ut laan fan goedkoop goed en lage loanen.

 

No hat ie Peking eend, mar gien patat,

Dy dokter-dichter was fer fut.

Wat had syn lange reis nou echt foar nut?

 

Wu hy nyt Weaze in dy Nieuwstad,

Dat Naauw dat hij ferlaten had?

Dat Saailaan, dy Kelders, Bij de Put?

 

2. In reager fisket.   Drylts

In reager fisket oan de Ie:

Wachtet geduldich op syn fretten.

Hoecht net in net of fûk te setten.

 

In fiskplak dat der altyd wie:

In fisker dy’t in piipskoft hie,

Boeren mei hagelwite petten. 

 

In reager fisket oan de Ie:

Fiskrjocht neffens âlde wetten.

Twa lytse jonkjes haffelje kroketten.

 

In mantsje dat in knipperke die,

Nije huzen dêr’t it fabryk ea stie,

Kontainers yn stee fan jiskefetten.

In reager fisket oan de Ie.

 

In reager fisket oan de Ie:

Wachtet geduldich op syn fretten.

Hoecht net in net of fûk te setten.

 

3. Boatsjes.   Drachten

It plak is stil;

De kaden 

Binnen no in dyk.

Lytse bern sjogge troch de ferskekoepel;

Lytse bern sjonge troch de ferskekoepel.

In boerinne stapt:

De echo pakt 

Hastich  

Har trêden op.

 

It plak is stil;

In rôt siket 

Nei it kanaal.

De feart hat de dyk fersopen.

Stil farre trije, fjouwer, 

Stil farre trije, fjouwer,

Stil farre trije, fjouwer boatsjes

Troch de feart, troch de feart.

En trije, fjouwer bern lústerje sêft:

‘Moai waar, fynst ek net?’

 

[De wurden binnen inspirearre troch it gedicht ‘Bommen’ fan Paul Rodenko.]

 

4. Der lizze Dútsers.   Hylpen

Der lizze Dútsers by it slúske,

En hjerringgraten yn in steech.

De fetten bier bin’ al wer leech;

En op ‘e seedyk stiet in gammel húske.

 

Koffers mei swart jild yn ‘t klúske.

In skiep krûpt mei de kûnt omheech.

Der lizze Dútsers by it slúske.

De oertocht wie ôfgryslyk dreech.

 

In rider mei in rustich krúske

Hâldt grutsk syn stimpelkaart omheech.

In frommis draaft gau nei it húske:

De mage lytser as har each.

Der lizze Dútsers by it slúske.

 

Hylpen oan ‘e see ...

Hylpen oan ‘e see ...

Hylpen oan ‘e see ...

Hylpen ...

 

5. De dreef der dreven.   A-sân

Het is de dreef der dreven.

Voor bangerds angst en beven.

Waar bikkels veel beleven:

Rechts eromheen, bumperkleven …

Die vlakke, rechte Azeven!

Azeven, Azeven – het brengt een mens tot leven!

Azeven, Azeven – een luid, een jachtig leven!

 

Oer in swart lint troch it lân.

Troch greide, heide, bosk en sân.

Mei myn stjoer yn ‘e iene hân

En myn mobyltsje yn ‘e oare hân

Rees ik oer dy prachtige A-sân!

A-sân, Azeven – wat in lûd, wat in leven!

A-sân, Azeven – dy lange, drokke Azeven!

 

De weg waarlangs ik raze ken, 

Waar ik de dwaas der dwazen ben,

Waar ik immer in extase ben,

Brokkenpiloot en kamikaze ben:

Die mooie, zwarte Azeven!

 

A-seven, A-seven – highway to hell, low way to heaven …

A-seven, A-seven – byway to hell, no way to heaven …

Azeven, Azeven – het brengt een mens tot leven!

Azeven, Azeven – een luid, een jachtig leven!

Azeven, Azeven – wat in lûd, wat in leven!

Azeven, Azeven – dy lange, drokke Azeven!

 

6. Loft.   Koarnwert

Loft: hege loft – himelheech

Dyk: ôfslútdyk – seedyk

Lân: flakke lân – plattelân

 

Doarp: hege toer – ranke toer

Wyn: wjuk yn ‘e wyn – heech op ‘e toer

Slach mei de moalsek

Slach mei de moalsek

 

Loft: hege loft – lege loft

Slach mei de moalsek

Slach – slach – slach

 

7. Jan de Roos.   Rijksweg 43

Jan de Roos: dêr gaat ie weer heen.

Fan Groaningen naar Heerenfean.

Met de bus un moaie tocht.

Altyd fleurich, noait syn nocht.

 

Jan de Roos gaat iedere week

Fan Drachten weer op reis naar Sneek.

Met de bus, en noait un kaartsje met;

De medaljes dy glimme op syn pet.

 

Jan de Roos is overal thús:

In Assen en in Jubbega (3e Slús);

Hy singt syn ferskes in elke straat,

Hy slaat met syn stok (maar út ‘e maat).

 

Jan de Roos staat by V&D foar.

Hy gniist mar wat fan oar tot oar.

Syn wandelstok, dêr swaait ie met,

En soms tikt ie even an syn pet.

 

In ut sentrum dêr staat Jan de Roos.

Noait echt thús, mar ok noait dakloas.

Hy het ooch foar ut frouweluk skoan:

Dan fluit ie even – heel gewoan.

 

Jan de Roos, wêr is ie nou bleven?

Spaant ie erges rond by de Azeven?

In Boalsert, Joure, Marum of Leek?

In Winschoten, Hoogezand of Sneek?

 

8. Syn namme wie Pee.   Harns

Yn Harns wie in fisker – syn namme wie Pee.

Hy foer met syn skipke oer marren en see.

Hy sette de netten yn fearten en syl

En helle se binnen mei snoekbears en iel.

En jûns rôp de fisker nei de frou by de slús:

‘Set de toffels mar klear, want ik kom aansens thús.’

 

Hy fiske op bot en hy fiske op skar.

Soms hie hy in boat fol en soms wie it bar.

Hy fiske fan moandeitemoarns oant de freed

En soms wie it wynstil en soms gong it need.

Mar jûns rôp de fisker nei de frou by de slús:

‘Set de toffels mar klear, want ik kom aansens thús.’

 

Dy moandei gong Pee mei syn skip troch de slús.

Syn frou seach de pûsters en sloech gau in krús.

De weagen sa wyld en it wetter sa heech.

It skip kaam werom, mar it boatsje wie leech.

Dy jûns rôp net ien nei de frou by de slús:

‘Set de toffels mar klear, want ik kom aansens thús.’

 

De weagen sa wyld en it wetter sa heech.

It skip kaam werom, mar it boatsje wie leech.

Dy jûns rôp gjin mins nei de frou by de slús:

‘Set de toffels mar klear, want ik kom aansens thús.’

Dy jûns rôp gjin mins nei de frou by de slús:

‘Set de toffels mar klear, want ik kom aansens thús.’

 

9. De bolle fan Abbegea.   Abbegea

Bolle – de maityd yn ‘e holle.

Men tinkt: wat soe der wolle?

Dat bist út Abbegea.

 

Bolle – hy hat wat yn ‘e holle.

De boer is ‘t like folle;

De kij krije it kwea.

 

Bolle – hy sjocht ris nei de golle:

Dêr hat er rollebolle

Mei de bisten yn it hea.

 

Maityd foar de boer en kij,

It grutfee âlet lûd.

Aansens wer in keal derby ...

Wat hawwe wy it goed!

 

[DC al fine]

 

10. Ut dak is fan ‘e Broerekerk.    Boalsert

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

De mensen sitte nyt mear drooch.

Se houwe nat de kop omhooch; 

En siën un skaduw an ut swerk ...

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

Wie het dut deen? Wie waard su sterk?

 

‘Gelovigen: blyf altyd sterk!’

De priester houdt syn monolooch.

Mar ut dak is fan ‘e Broerekerk ...

Met hier en dêr een brike booch.

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

Wie het dut deen? Wie waard dy flerk?

 

Neffens my is ut duvelswerk ...

Un protter skyt un frou in ‘t ooch.

Wie het dut deen? ‘t Lykt duvelswerk ...

De flearmús fladdert met syn flerk.

En ut dak is fan ‘e Broerekerk.

 

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

Wie het dut deen? Wie waard su sterk? 

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

Wie het dut deen? Wie waard dy flerk?

Ut dak is fan ‘e Broerekerk;

Wie het dut flikt? ‘t Lykt duvelswerk ...

 

11. It lot fan Tea.   Sudersee

Hjir leit Tea.

Hjir leit Tea.

Hjir leit Tea.

Hjir leit Tea: hy is dea ...

 

12. Oan it waad.   Peazens-Moddergat

Oan it waad by Peazens-Moddergat

Mei hy sneontemoarns graach fiskje.

Tee út in kanne, en yn it wetter pisje;

En op ‘e seedyk dêr wachtet de kat.

 

Op it waad wat guozzen en in ein;

En dêr it eilân, oer it wetter.

Wa wit, wa wit, byt it aansens better.

Hy en de kat, en gjin wurd wurdt der sein. 

 

It waad, de rêst – en nea bart der wat;

De kat gappet: ‘t is no itenstiid.

De fisker fielt: no haw ik byt,

Heech op ‘e dyk by Peazens-Moddergat.

 

En wylst de kat by de frou yn Moddergat

Syn bakte fisk no op in pantsje hat

Hellet de fisker op it waad by Peazens

Syn angel op. No hat er wat: twa âlde learzens.

 

All rights reserved. © Syb Hartog 2023.